Bêste Giny, Klazien, Margré en Tryntsje Wel en Wee hat no tritich jier bestien en der binne troch de jierren hinne echt wol aardige dingen dien mar wat jimme der foarelkoar krigen ha, wie net gewoan Jimme ha alle Geastmers dêr knap bedoarn It wie in program dêr’t elts wat oan hie Omdat it in middei fol mei ôfwikseling wie Earst giene wy mei Tryntsje nei de einekoai Wat wie har ferhaal èn de natoer dêr moai Doe’t wy by de koai weikamen, koene wy nei Nanda ta wêr’t wy in learsume demonstraasje boekbinen hân ha De oerstek nei it bedriuw fan Bowe en Tjitske wie gau dien Dêr binne wy it hiel bedriuw bylâns gien De teetún wie in fêst moetingsplak en ek tige yn trek Der wie oan lekker bakt guod gjin gebrek Nei it kopke tee mei in lekker stik gebak fûnen wy by it koken-konsert ús plak Dêr hearden wy nei de gedichten fan Giny de muzikale foardracht fan Truus en de lieten fan Adri Dat wie hiel yntym en elts krige in plak mei twa kear dy middeis in folle bak Gau dêrnei nei Haye en Fokje ta mei elkoar mar dêr stiene wy foar de tichte doar Wy wiene ek in bytsje te let en binne mar wer nei de teetún ta set Foar de jûns wie der in barbecue betocht Dy soe bûten mar doe it KNMI sa’n minne foarspelling brocht is alles nei de skuorre fan Durk en Tryntsje fersjoud en Bowe hat dêr mei Durk in grutte kistewand boud In barbecue foar 85 minsken is net allinne te dwaan mei sizzen Wijbe en Kazien krigen dêr hiel wat foar de kiezzen Wijbe wie dy sneon moarns ier al mei it skilen fan de asperzjes en tomaten yn it spier dy wiene ornearre foar mânske pannen sop Dat foel der dy jûns tige goed yn, it wie samar op De hjerring-salaad mei stokbôle foel ek tige yn ‘e smaak en bûtendoar wie it wylst goed raak De rein kaam by bakken fol út ‘e loft wei sadat wy hast net hearre koene wat Tryntsje sei oer wa’t de fotopuzzel goed hie Wy witte allinne dat de priis troch Anneke wûn wie De twadde gong wie it barbecuefleis fan Roelof Dees Dat wie foar guon minsken in hiele rees Der ûntstie in wiere file mei behoarlik fertraging mar elts hie wille en der wie gjin spoen fan ûngeduldfoarming Sa no en dan sette der ien mei in oar syn lapke fleis fuort Dat waard dan wer gau fan de dief syn boardsje ôfskuord Der is in protte wille makke en elts hie it nei de sin Moai dat soks hjoed de dei noch kin Wijbe helle de iene nei de oare mingde slaadskaal foar it ljocht Se ha dêr mei inoar hiel wat hinne brocht De froulju fan de organisaasje ha ek moaie salades makke Dat ha ús allegear tige goed smakke Wijbe stie efter it buffet om wer nije saus te meitsjen hy hie hieltyd wer wat oars foar ús om te smeitsjen Wy mochten fan alle skalen mei lekkers wat priuwe en koene de hiele jûne wol itende bliuwe Undertusken spile Gerrit mei syn band alle stjerren fan it firmamint Wat hat it in prachtich moai feest west Wat diene jim as organisaasje jim bêst om alles sa goed mooglik rinne te litten Jimme binne ek net ferjitten in min-waar-plan te meitsjen foar dy dei Lokkich foel it mei it waar dy middeis wol mei Giny, Klazien, Margré en Tryntsje, tige tanke foar dit moaie feest troch de bewenners fan nûmer 53 fan de Lytse Geast